De feepest yn Fryslân (Sneuper no. 27, maart 1994, p. 13/14)
D.A. Zwart
Der is in tiid fan opgong, der is in tiid fan delgong. Ek yn ‘e lânbou en dat sil ek wol sa bliuwe. Foar 1650 is it in tiid fan opgong en nei 1650 wer fan delgong. Yn dizze tiid, roun 1650, giet in saneamde bolleman de pleatsen lâns. Yn 1668 komt der in beslút om Ingelske en Spaanske hynsten yn te fieren. Werom ? Omdat der te min rydhynders yn Fryslân binne ! Ek ûntstjit de Fryske klean mei earizer. Yn 1640 is in grut part fan de pleatsen (saneamde stemdragende hornlegers) eigen oan de lânadel.
Yn en rounom Ie binne dat 35 fan de 51 !
Dan folget de 18e ieu. Yn 1701 oant yn 1713 ta ûnderfynt ús gewest de gefolgen fan de Spaanse Successieoorlog. De hânnel komt stil te lizzen want Frankryk, Ingelân en Spanje brekke harren holle oer wa ‘t troan-opfolger wurde moat fan Spanje. Yn 1731 wurde tal fan peallen, dy ‘t by de sédyk lâns steane, fernield troch de saneamde pealwjirm. Sa soargje dizze dogeneaten foar ferheging fan dyklêsten en oerstreamingen. Mar de grutste ramp is dan al oan ‘e gong. De feepest of rotkoorts. Yn de 18e ieu kinne wy trije weagen fan feepest, te witten: 1713-1719, 1744-1767, 1768-1786. Al dizze trije tiidrekken komme oan ‘e oarder.
Wy begjinne mei de earst feepest. Dalmatië fia Italië komt de pest nei ús gewest ta. It regear hat al rille gau troch dat it om in oanhjingende sykte giet. Hja gripe yn.
1. Der mei gjin fee mear ynfierd wurde.
2. Gjin feemerken mear.
3. Foarskriften op it beïerdigjen fan fee.
Op ‘e bûthúsdoarren ferskyne swarte streken, as warskôging dat it fee siik is. Hoe kin men sjen dat in ko siik is ? De ko wurdt ûnréstig. De kop en earen begjinne te hingjen en de sturt wurdt sa slap dat der gjin krêft mear yn sit. De tosken en kjirzen reitsje los. De eagen komme frjemd yn ‘e kop te stean. It is krekt as gûlt de ko. Men makket ûnderskie tusken twa soarten feepest.
1. De saneamde pulmonie. Yn dat gefal wurkje de longen net mear goed. Hja krije it spaansk benaud, it fee driigt te smoaren.
2. De twadde foarm is de slimste. De pânse set op, troch de oanwêzigens fan wyn. It liket wol as sil de ko barste.
Op ‘e fjirde, fiifde en sechsde dei begjinne de measte kij op ‘eene buytengewoone wyze te spuyten, dat is, dun af te gaan, zoodat de drek als een spuyt gedreeven over den greppel heen loopt.’
Yn ‘e jierren 1713-1714 stjerre 30.198 kij, 8.437 rieren, 9.393 hokkelingen en 13.027 kjeallen oan dizze sykte. Ek hynders rinne gefaar om siik te wurden. De feepest moat yn Weststellingwerf begoun wêze.
De twadde feepest begjint yn 1744. Yn it earste jier stjerre 58.539 kij (neffens in telling fan Ypey). Sûnt 1748 begjint it feetal wer op te rinnen. Der komme mear kjeallen dan der deageane. In boer dy ‘t 2/3 part fan syn fee kwytrekket, geit der sels op foarút. De oerbliuwne (resistente) kij binne no mear wurdich dan de hiele boel foartiids. Yn 1745 rekket Pyter Sikkes, út Wûns 32 kwyt en haldt der ien ko oer !
De tredde en lêste feepest begjint yn 1768. It resistente fee is no in soad jild wurdich. Oer de leer fan resistentie, skriuwt dûmny Eelko Alta, út Bozum yn syn wurk Verhandelinge over de natuurlijke veroorzaken der ziekte onder het rundvee, 1765. No wurdt de oanhjingende sykte oanpakt. De boer giet mei in sulveren tongskrabberke oer de tonge fan de ko, om de blieren iepen te meitsjen. Dan docht de man der wat sâlt en piper op. Nei dizze hannelswize kom der lijnwaad en jittik op. As lêste folget de huning. Wûnder skynt it te helpen !
Nettsjinsteande de feepest is de twadde helfte fan de 18e ieu foar de boer perfoarst gjin minne tiid.
Deze site hoort frames te bevatten. Ziet u geen frames, klik dan